Hjoed: Earste melkrobot yn museum

200px-Omropfryslan1It prototype fan de earste melkrobot op de wrâld is fan woansdei ôf te sjen yn it Frysk Lânboumuseum yn Earnewâld. Yn 1982 setten Roelof Middel en Rinke Oenema in revolúsjonêre ûntwikkeling yn gong. Se ûntwikkelen in masine dy't in ko folslein automatysk melkt. De útfining past yn in lange tradysje fan masinebouwers dy't apparaten meitsje om it wurk op de buorkerij lichter te meitsjen. Der binne al hiel wat melkrobots fekocht, mar de útfiners ha der near in sint fan sjoen. Middel en Oenema binne bliid dat harren útfining in moai plakje krigen hat yn it Lânboumuseum.

(Geupload op 21 apr. 2010 - duur 2:21min.)

makkeynfryslan

Timeskaters 

Frysk Lânbou Museum
Koaidyk 8b
9264 TP  Earnewâld

Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken.
  Telefoon 0511-539420   geregistreerd-museum
  Fax 0511-539697