Alde skilderijen oankocht (1:01)

200px-Omropfryslan1De Ottema-Kingma Stichting hat op in feiling yn Parys seis skilderijen kocht dy't yn 1805 yn opdracht fan de Ljouwerter keapman Johannes van der Veen makke binne troch keunstner Aldert Jacobs van der Poort. It giet om behangskilderijen fan linnen dy't hûndert jier yn in hûs oan de Nijstêd yn Ljouwert hongen hawwe. Hoe't se yn Frankryk bedarre binne, is net bekend.
Op de skilderijen binne Fryske lânskippen te sjen. Tongersdei wurde se oerdroegen oan it Frysk Lânboumuseum yn Earnewâld, dat se yn brûklien kriget.

(Geupload op 4 sept.2012 - duur 1:01 min.)

makkeynfryslan

Timeskaters 

Frysk Lânbou Museum
Koaidyk 8b
9264 TP  Earnewâld

Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken.
  Telefoon 0511-539420   geregistreerd-museum
  Fax 0511-539697